Lytse Krie

Lytse Krie
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thaóyate Dúta
oare namme Little Crow
berne ±1810
berteplak Kaposia (Minnesota)
stoarn 3 july 1863
stjerplak by Hutchinson (Minnesota)
etnisiteit Dakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Mdewakanton
jierren aktyf 18491863

Lytse Krie (Dakota: Thaóyate Dúta, útspr.: [tʰa'o:jate 'du:ta] (eins "Syn-Read-Folk"); Ingelske oersetting: Little Crow; Kaposia (Minnesota), ±1810 – westlik fan Hutchinson (Minnesota) 3 july 1863) wie in opperhaad fan 'e Mdewakanton-substamme fan 'e Eastlike Dakota- (Sioux), in Yndiaansk folk út it gebiet bewesten de Grutte Marren en fan it easten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 1851 wied er belutsen by it sluten fan 'e Ferdraggen fan Traverse des Sioux en Mendota. Alve jier letter, yn 1862, wied er ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Eastlike Dakota yn 'e Dakota-Oarloch fan 1862. Hy loek him lykwols werom foar de ein fan 'e fijannichheden, en waard úteinlik in jier letter deade by in konfrontaasje mei in pear blanke kolonisten.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search